Waadhelikopter krijt stânplak op fleanbasis Ljouwert

© Neno Plat
De Waadhelikopter fan RAV Fryslân krijt in stânplak op de fleanbasis Ljouwert. Dat skriuwt de provinsje nei oanlieding fan fragen fan de FNP-fraksje. Lange tiid wie it net dúdlik of Ljouwert of Eelde it stânplak wurde soe. Mar der is foar Ljouwert keazen om't dat it meast sintraal leit út de Fryske Waadeilannen wei besjoen.
Neffens de provinsje sille pasjinten op de Waadeilannen der op foarút gean. Der is 24 oeren deis besetting. It stânplak is neffens de provinsje oansteande de komst fan de ambulânsehelikopter al oanlein.
In stânplak yn Dokkum is neffens de provinsje gjin opsje. De FNP hie dêr om frege. Neffens de provinsje is nei it sluten fan de driuwende help by sikehûs Sionsberg ekstra ambulânsekapasiteit yn it gebiet kaam.