Hans Vonk: "Gjin transfers mear"

Hans Vonk fan SC Hearrenfean © Martin de Jong
Sportklup Hearrenfean ferwachtet gjin transfers mear dizze perioade. Dat seit manager fuotbalsaken Hans Vonk. Jûn om tolve oere slút de transferdeadline. "Ik kan me niet voorstellen dat er nog wat gebeurt," sa seit Vonk.
Der gongen noch geruchten oer Thulani Serero fan Ajax. De Súd-Afrikaan is by Hearrenfean oanbean troch in saakwaarnimmer, mar neffens Vonk is it noait konkreet wurden.