Henk Herder wurdt nije haadtrainer fan Harkemase Boys

01 feb 2016 - 11:06
  • Harkemase Boys

Henk Herder is fan it kommende seizoen ôf de nije haadtrainer fan Harkemase Boys. Hy folget Jan Vlap op, dy't earder oankundige dat hy oan 'e ein fan dit seizoen ophâldt. Foarsitter Appie van der Veen is bliid mei de komst fan Herder, dy't neffens him goed by de klup past.

De 48-jierrige Herder wurket no noch by de Grykske fuotbalklup Panathinaikos. Hy is dêr haad jeugdoplieding en assistint-trainer. Derfoar wurke Herder langere tiid by SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)