Appelskea krijt trams sûnder sjauffeur en rails

01 feb 2016 - 08:43

Yn Appelskea ride fan maaie ôf trams sûnder sjauffeur. It giet om in proef fan fiif moannen mei WEpods, dy't tusken it sintrum fan Appelskea en it besikerssintrum fan Steatsboskbehear ride sille.

In WEpod liket op in lytse tram, mar dan sûnder sjauffeur en rails. Der kinne yn totaal tolve minsken yn de selsridende pindeltsjinst. De gemeente Eaststellingwerf wol mei it ferfier sûnder sjauffeur de leefberens en it berik fan de gemeente fergrutsje.

Op dizze wize kinne de bewenners maklik by de belangrykste foarsjenningen komme, seit wethâlder Sietse Derks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)