Danny Noppert wurdt twadde op Dutch Open Darts yn Assen

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is snein twadde wurden op it Dutch Open yn Assen. Yn de finale ferlear hy mei 3-1 fan de Ingelsman Martin Adams. Noppert goaide yn de spannende finale noch wol in 170, mar Adams wie dochs te sterk. Foar Noppert wie it syn earste finale, Adams skreau de titel foar de fjirde kear op syn namme. Hy die dat ek al yn 2010, 2011 en 2015.
Ien fan de heale finales wie in Fryske oangelegenheid. Dy striid gong tusken de Jouster Danny Noppert en Mats Gies fan Wierum. Noppert wûn mei 2-0 fan Gies.
Bylden fan de heale finale tuskken Danny Noppert en Mats Gies: