Ireen Wüst pakt wrâldbekersulver op de 3 kilometer

31 jan 2016 - 18:02

Ireen Wüst fan It Hearrenfean hat snein yn it Noarske Stavanger har earst wrâldbekermedalje fan dit seizoen ferovere. Wüst einige op de 3 kilometer op it twadde plak yn in tiid fan 4.04.15. Se wie noch wol wat stadiger as Martina Sábliková, want dy wûn yn in tiid fan 4.00.08. Irene Schouten pakte it brûns mei 4.05.51.

It tredde startbewiis foar Nederlân op it WK waard wûn troch Linda de Vries. Sy einige as earste yn it kombinearre klassemint fan de 1500 en 3000 meter. De Vries wûn de B-difyzje fan de 3 km yn 4.01.80.

Ireen Wüst en Antoinette de Jong wiene al wis fan meidwaan oan de WK allround yn Berlyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)