Foppe de Haan jout seleksje twa dagen frij

Hearrenfean-trainer Foppe de Haan is sa tefreden oer it spul fan syn seleksje dizze wike dat hy de spilers twa dagen frij jûn hat. De Haan makke dat sneintemiddei bekend nei de 1-0 oerwinning yn it Cambuurstadion. SC Hearrenfean pakte de lêste trije wedstriden njoggen punten, en dat hie ek De Haan yn 't foar net ferwachte.
De Haan fûn de oerwinning yn Ljouwert terjochte, omdat syn team mear kânsen kreëarde. Cambuur-trainer Henk de Jong wie dat mei De Haan iens, mar sei derby dat Cambuur fuotbaljend net folle minder wie as de Feansters.
Nei de wedstriid krige de seleksje fan SC Hearrenfean in 'heldeûntfangst' by it Abe Lenstrastadion.