Rai Vloet: Cambuur wie net folle minder as Hearrenfean

SC Cambuur en SC Hearrenfean wiene yn de derby fan sneintemiddei aardich oan inoar weage. Dat seit de nagelnije Cambuur-oanfaller Rai Vloet, dy't de ôfrûne wike oan de seleksje taheakke waard. Cambuur sil de kommende moannen hurd fjochtsje moatte foar liifsbehâld yn de earedifyzje, seit Vloet, mar hy sjocht dêr seker mooglikheden foar.
Cambuur wie foar de wedstriid fan doel om safolle mooglik druk te setten en Hearrenfean sa min mooglik romte te jaan. Dat slagge yn it begjin fan de wedstriid net, mar letter wol, fynt Vloet.
"Het belangrijkste verschil is dat Heerenveen in een flow zit. Cambuur zit nu in de hoek waar de klappen vallen, daar moeten we zo snel mogelijk uit." Vloet neamde de sfear by syn earste Fryske derby 'bysûnder'. "Onze fans zijn echt fantastisch."