Swier befochten oerwinning SC Hearrenfean by SC Cambuur

31 jan 2016 - 16:19
  • SC Hearrenfean nei it winnende doelpunt fan Arber Zeneli
  • Feest yn it útfak fan it Cambuur-stadion
  • Luciano Slagveer en Jack Byrne
  • Nei de wedstriid joegen fans de spilers fan SC Hearrenfean in 'heldeûntfangst'

Tanksij in goal fan Arber Zeneli wûn SC Hearrenfean snein de derby yn it Cambuurstadion. Zeneli skoarde yn de twadde minút fan de twadde helte. Foar Cambuur wie de goal in oanmoediging om oan te fallen. Marvin Peersman kaam noch it tichtste by in goal. Yn de 58ste minút kopte Peersman op de latte op in foarset fan Vytas. Letter soe ek Sander van de Streek krekt njonken de goal sjitte.

Cambuur drukte en fertsjinne mooglik ek wol in lykmakker, mar skoarde net en sadwaande pakte SC Hearrenfean de trije punten.  

Yn de 81e minút brocht Foppe de Haan âld-Cambuurspiler Lucas Bijker yn it fjild foar Caner Cavlan. It kaam de Ljouwerter Bijker op in fluitkonsert te stean. It is foar it earst sûnt it weromkommen fan Cambuur yn de earedifyzje dat de Ljouwerters thús de derby fan SC Hearrenfean ferlieze. Nei de winst op Cambuur stiet SC Hearrenfean no alfde yn de kompetysje mei 29 punten. Cambuur stiet op it foarlêste plak mei trettjin punten, twa punten mear as de nûmer lêst De Graafschap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)