Problemen mei brêge Ofslútdyk duorje langer

31 jan 2016 - 15:50
  • De Ofslútdyk is blokkeard foar al it ferkear

De skea oan de brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân is sa grut, dat reparaasje wol twa dagen duorret. Dat seit Rykswettersteat. Sneon rekke in kabel los, doe't de brêge iepen gie. Dy kabel waard meilutsen en hat de hiele elektryske ynstallaasje ûnder de súdlike brêge fernield.

Ek de noardlike brêge koe net mear betsjinne wurde en koe pas nei mear as fjouwer oeren mei de hân tichtdraaid wurde. Ferkear fan beide kanten stie al dy tiid stil. Omjouwingsmanager Cecile Haffmans fynt it hiel slim dat de steuring sneon salang duorre.

Neffens Haffmans koene Rykswettersteat en de oannimmer net flugger hannelje. Trochdat de elektryske ynstallaasje fan de súdlike brêge sa slim fernield wie, moast earst hiel goed útsocht wurde oft de noardlike brêge wol mei de hân tichtdraaid wurde koe. Om mear skea foar te kommen, is de súdlike brêge iepen litten. It autoferkear moat tydlik oer ien baan. It skipferkearferkear troch de Lorentzslûs leit sels hielendal stil.  Yn maart stiet al in grutte renovaasje fan it slûzekompleks pland. In part fan it wurk moat no nei foaren helle wurde. Hoe't it koe dat de kabel fan de súdlike brêge losrekke, wurdt troch de oannimmer ûndersocht. Mooglik hat de hurde wyn in rol spile, mar it kin ek wêze dat in skip de kabel fernield hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)