Cambuur en Hearrenfean mei rêst noch yn lykwicht: 0-0

Duel fan Joey van den Berg (SC Hearrenfean) meio Jack Byrne (SC Cambuur) © awfoto.nl
SC Hearrenfean hie yn de earste helte de beste mooglikheden, mar skoarde net. Al yn de 6de minút wie Hearrenfean ticht by in goal. Letter wie Sam Larsson ferskate kearen gefaarlik, mar Cambuurkeeper Nienhuis hold syn goal knap skjin.
Cambuur kaam yn de rin fan de earste helte hieltiid mear oan fuotbaljen ta. Yn de 21e minút krijt nije oanwinst Rai Vloet in kâns, mar each yn each mei keeper Mulder giet syn skot oer de goal. Letter sjit Sam Larsson foar Hearrenfean ek noch in frije traap oer de goal. De rêststân yn de derby is: 0-0.
Waarnimmers neame de wedstriid 'mear spannend as goed'.