Sporthal De Trije yn Frjentsjer berôve fan deiopbringst

Sporthal De Trije yn Frjentsjer
By in berôving yn sportkompleks De Trije yn Frjentsjer is sneon de deiopbringst fan in evenemint bút makke. De dieder rûn oan it begjin fan de jûn yn de gong fan de sporthal tsjin in frou oan. Sy hie op dat stuit in stoffen tas yn 'e hannen, mei dêryn it jildbedrach. It jild siet opburgen yn in giele skuondoaze en twa plestik bakjes.
De dieder luts de stoffen tas stikken, en pakte de bakjes. Hy is hjirnei fia de klaaikeamers útnaaid. It slachtoffer hat noch besocht de dieder te efterheljen, mar hy bedrige har en koe útnaaie.
De man wist te ûntkommen yn de rjochting fan de tennisbanen. De plysje is noch op syk nei tsjûgen.