SC Cambuur hiert Kevin van Veen fan Scunthorpe United

'Striker' Kevin van Veen op de offisjele site fan Scunthorpe United
De Brabânske fuotballer Kevin van Veen makket it seizoen ôf as spits fan SC Cambuur. De Ljouwerters hiere de spits as opfolger fan Bartholomew Ogbeche, dy't de ôfrûne wike oerstapte nei Willem II. SC Cambuur hiert Van Veen fan it Ingelske Scunthorpe United.
De oanfaller makke it ôfrûne seizoen yndruk by FC Oss. Dêr fertsjinne hy in kontrakt foar 3,5 jier as 'striker' by de Ingelske klup Scunthorpe. Dy klup komt út yn de Powerleague One, de Ingelske tredde difyzje.