Hillen: 'Basis bliuwt iepen'

17 apr 2012 - 15:48
  • definsjeminister Hans Hillen

Sluting fan Ljouwerter fleanbasis is net oan de oarder. Dat hat definsjeminister Hillen tiisdei tsjin boargemaster Crone sein. Earder tiisdei hie de minister by radiostjoerder BNR sein dat der mooglik ien of twa fleanbases yn Nederlân ticht gean sille. Hillen wol dat de Benelux yn de takomst yntinsyf gearwurket om te besunigjen. Der moat in miljard besunige wurde by definsje en der ferdwine mei elkoar 12 tûzen banen.

Yn maart hie de minister ek al sein dat hy fynt dat syn ministearje ûntsjoen wurde moat by nije besunigings.

Hy sei doe dat er der fanút giet dat de Ljouwerter basis iepenbliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)