Man út Eastermar oanhâlden mei tsien pûdsjes speed

Plysje oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat sneontenacht op de Stasjonswei yn Drachten in Eastermarder (31) oppakt op fertinking fan de hannel yn harddrugs. De man hie tsien pûdsjes speed by him. Yn de auto fan fertochte fûn de plysje noch in skeal foar it wegen fan de drugs en ek noch speedresten.
De plysje fûn ek noch in rôze sparbaarch en in reade jerrycan mei giele dop. De plysje besiket om de eigeners fan dy saken te efterheljen.