Jonge ynbrekkers ferskûlje har yn sliepkeamerkasten

Oanhâlding © ANP
Op it fakânsjepark fan kamping Zwartkruis yn Noardburgum binne sneintenacht fjouwer jongeren oanhâlden, neidat se ynbrutsen hiene yn in fakânsjehúske. In tsjûge hie wat sjoen en warskôge de plysje. Doe't dy by it húske kaam wie earst neat te sjen.
Se giene it hûs yn en doe die bliken dat de jongeren - twa famkes fan 15 út Garyp en twa jonges fan 16 en 18 út Burgum - har ferskûle hiene yn de kasten op de sliepkeamers. Se binne oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo. Se wurde snein heard.