Kloostermanpriis tenei ek foar folslein oeuvre

Bibleteekboeken © ANP XTRA
De Simke Kloostermanpriis foar it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek, kin tenei ek takend wurde oan in boekesearje of it oeuvre fan in skriuwer. Dat past by it stribjen fan it bestjoer om it reglemint foar de priis oan te passen en te ferbreedzjen. In oare wichtige oanpassing is, dat by printeboeken as stripboeken de priis takend wurdt oan sawol de skriuwer as de yllustrator. It prizebedrach is dit jier opnij ferhege en stiet no op 5000 euro. De Simke Kloostermanpriis bestiet sûnt 1983 en wurdt dit jier foar de tolfde kear útrikt.
De sjuery bestiet út trije persoanen. Sy besjogge de berneboeken fan de jierren 2013, 2014 en 2015. De útrikking is op freed 20 maaie, yn de Petrustsjerke yn Twizel. Eardere winners binne bygelyks Akky van der Veer, Lida Dykstra en Thys Wadman.