UNIS Flyers wint de nasjonale beker fan Geleen

30 jan 2016 - 22:25

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha yn Eindhoven de nasjonale beker wûn. Geleen waard mei 4-1 ferslein. Kevin Nijland iepene de skoare yn de earste perioade, Marco Postma ferdûbele de marzje yn de twadde. Yan Turcotte en Mark Hoekstra joegen de winst yn de tredde perioade noch mear glâns.

It is de alfde bekerwinst fan de Feanster iishockeyers yn de kluphistoarje. De lêste kear wie fjirtjin jier lyn yn 2002.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)