Marit Bouwmeester ferspilet wrâldbekerwinst yn medaljerace

Marit Bouwmeester yn aksje © Richard Langdon
Marit Bouwmeester hat yn de medaljerace yn Miami de earste wrâldbekerwinst fan it seizoen ferspile. De Laser Radial sylster út Warten begûn mei in foarsprong fan seis punten op Evi van Acker oan de finale. Yn de medaljerace waard de Belgise Van Acker twadde en Bouwmeester sânde. Yn de finale telle de punten dûbel.
Earder hie Bouwmeester fiif fan de njoggen reguliere races wûn.