Sven Kramer wint 5 kilometer, Jorrit Bergsma pakt sulver

Sven Kramer © ANP
Sven Kramer hat sneon de 5 kilometer wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Noarwegen. Kramer klokte yn in streekrjocht duel mei Jorrit Bergsma in winnende tiid fan 6.15.71. Bergsma kaam út op 6.17.59 en waard dêrmei twadde. Ted-Jan Bloemen, ridend fan Kanada, sette de tredde tiid fan 6.18.05 op it boerd.
Douwe de Vries klokte yn in streekrjocht duel mei Arjan Stroetinga in tiid fan 6.22.33, goed foar it sânde plak. Yn dyselde race gong Arjan Stroetinga ûnderút en sette úteinlik in teloarstellende tiid fan 6.42.68 op it boerd.
Yn it klassemint giet Jorrit Bergsma oan de lieding mei 410 punten. Kramer stiet twadde mei 380 punten, folge troch de Noar Sverre Lunde Pedersen mei 265 punten. Douwe de Vries fine wy werom op it sânde plak, Arjan Stroetinga stiet op plak tsien.