Margot Boer trettjinde by wrâldbekerwedstriden yn Stavanger

Margot Boer nimt dit wykein ôfskied © awfoto.nl
Margot Boer is sneon net fierder kaam as it trettjiinde plak op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Noarske Stavanger. De Nederlânsk kampioene op de 500 meter klokte in tiid fan 38.79 en wie dêrmei wol de rapste Nederlânse. Janine Smit waard 16e mei 38.90, folge troch Anice Das op it 17e plak.
De winst op de 500 meter gong nei de Sinese Jing Yu, dy't in winnende tiid fan 37.63 op it boerd sette. Lângenoate Hong Zhang pakte it sulver mei 37.82. Heather McLean út Kanada waard tredde yn 38.02.