Plysje hâldt grutte ferkearskontrôles: hast 5000 euro ynbard

30 jan 2016 - 15:39

De plysje hat freed by ferskate ferkearskontrôles lâns de A6, A7 en A32 foar 4700 euro oan iepensteande boeten ynbard. Derneist binne sân auto's yn beslach naam. Tsjin fjouwer bestjoerders is proses-ferbaal opmakke om't se gjin rydbewiis hiene. Ek dielde de plysje meardere boeten út oan besjoerders dy't te hurd rieden.

Ien automobilist koe net útlizze wêrom't hy in diel fan in bile yn de auto lizzen hie en hat it oan de plysje oerhandige. Neffens de plysje binne yn totaal 38.000 auto's kontrolearre.

Trefwurden: 
ferkearskontrôles boeten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)