Man swaait mei mes yn Ljouwerter supermerk oan Cambuurplein

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat freed in agressive man oanhâlden dy't klanten en meiwurkers fan in supermerk oan it Cambuurplein mei in mes bedrige. De 42-jierrige man naaide út, mar koe mei help fan tsjûgen op it Zuidvliet oanhâlden wurde.
De man hie it mes fuortsmiten, mar de plysjes fûnen wol in hoeske foar in mes by de man. It mes is letter yn in jisketonne fûn. De man bleau ek nei de plysjes ta agressyf. Hy is ynsletten en bliuwt foarearst fêstsitten. Neffens de plysje hat it ynsidint in soad yndruk makke op de minsken dy't bedrige binne.