Aggie Walsma twadde by Aart Koopmans Memorial op Weissensee

30 jan 2016 - 13:33

Maratonrydster Aggie Walsma fan Boalsert is sneon as twadde einige by de Aart Koopmans Memorial op de Weissensee. De winst gong oertsjûgjend nei Lisa van der Geest, dy't solo oer de einstreek kaam. Walsma wie tegearre mei Van der Geest ûntsnapt, mar moast har tsjinstanner yn it lêst gean litte. It tredde plak wie foar Ineke Dedden.

By de manlju gong de winst nei Gary Hekman. Yn in spannende einsprint wist er Fabio Francolini foar te bliuwen. Crispijn Ariëns fan Wolvegea einige as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)