Ofslútdyk oan beide kanten ôfsletten fanwege stikkene brêge

It ferkear dat oer de Ofslútdyk nei Noard-Hollân wol, moat rekken hâlde mei grutte fertragingen. Ek it ferkear dat nei Fryslân komt kin der net del. Problemen mei de brêge by de Lorentzsluzen binne de oarsaak. De brêge dêr wol net mear ticht. Hjirtroch moat it ferkear omride fia de Flevopolder.
It ferkear dat der no noch stiet wurdt ûnder begelieding weromstjoerd fan de Ofslútdyk ôf. De ferwachting is dat de Ofslútdyk yn alle gefallen oant kertier oer trijen ôfsluten bliuwt. De monteur moat hielendal fan Schiphol komme.