Kollum "Oubollig"

De Toan fan Eelke Lok © Omrop Fryslân
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Sneons moat je altyd prate oer wat de grutste emoasje opsmiet yn sa’n wike. Teloarstelling dizze kear. Yn de hjerst fan 2016, de kommende hjerst dus al, sil de sintrale as iepene wurde. Myn earste teloarstelling wie dat der in aparte parsekonferinsje organisearre waard om no al dy feestlikheden fan dy iepening oan te jaan. Dat makket it alfêst wat minder feestlik want we witte allegearre no al wat der barre sil en de praktyk hat útmakke dat je it bêste mei wat ferrassends komme kinne, dan ha de lju gjin tiid om nei te tinken. Mar doe sei deputearre Sietske Poepjes op dy parsekonferinsje: jonges we krije alfêst in priuwke foarôf fan kulturele haadstêd 2018. Doe gie ik rjocht sitten. Te deale… in foarpriuwke fan it alderhillichste…..o fertel it Sietske, wat stiet ús yn 2018 te wachtsjen. En do kinst neffens dyn eigen twitterkes sa lekker itensiede, hoe smakket dat foarpriuwke.
Mar ik leau net dat deputearre Sietske Poepjes ek mar in idee hat fan wat Kulturele Haadstêd 2018 wêze sil, of better miskien: wêze moatte soe. No is dat Sietske net allinnich kwea ôf te nimmen, mear minsken ha ek gjin inkeld benul. Sa wie der fan 'e wike in byienkomst yn Achtkarspelen en dêr koene je ek alfêst fertelle wat je doelen yn 2018 binne en dêr kaam ien mei it plan fan in optocht te hâlden mei fersierde weinen. Tsja. Fryslân is kulturele haadstêd fan Europa en fiert dat mei fersierde weinen. Kin we dat jild ek stikem oan Europa wer werom jaan en it ynienen allegearre mar ferjitte? We sitte noch wol wat mei de etiketten fan frou Sonneberg op de Weduwe Joustra bearenburchflessen, dat is it KH2018 logo, mar je krije yn de sliterij de drankflessen noch yn in papierke en as je dan thús komme en je jitte dy bearenburch oer yn lege molkeflessen, hat net ien noch yn ’e gaten dat der ea sa wat west hat as kulturele haadstêd.
Mar goed, dat yn Achtkarspelen wie de befolking, ik mei dochs oannimme dat Sietske Poepjes it bidbook fan Kulturele Haadstêd jûns efkes lêzen hat foar dat se sliepen gie. Tsja. Nee dus. It priuwke foarôf fan ’t hjerst betstiet út trije dingen. In iepenloftspul dat opfierd wurde sil yn de tunnel ûnder it Prinses Margrietkanaal troch. Dus eins net iepen loft spul, want dêr is de loft net iepen. Dit is dus in tunnelstik. In toanielstik. Tsjong. It twadde is in kilometerslange merk. Net merke, ja der sil ek wol wat merketintsjes tusken stean, mar it is gewoan in bradery. Kilometerslang. Njoggen wurdt no al sein. Tsjong. As foarpriuwke fan de kulturele haadstêd fiering yn 2018. In bradery. Yn 2018 sil dy bradery in alvestêderûte lang wêze. Kin je ek noch yn it Guinness Book of Records. En dan by einsluten in heale maraton. Dat past goed yn de sintrale as, dy is ek likernôch in heale lang. Ja in hiele maraton soe bysûnderder wêze, mar in sintrale as is net langer. No ja je soenen keare kinne. Mar it is net mear as in moai sportevenemint. In foarpriuwke foar KH 2018 is dat no ek wer net, ik ha teminsten yn it bidbook it wurd sport net fûn.
No bin dizze feestlikheden Sietske ek mar oanrikt troch de befolking. En lokkich is der noch in stichting Keunstwurk dy’t op de plakken lâns de sintrale as wat dwaan sil. Prima. Dat begjint der wer wat op te lykjen. Mar krekt as je wer wat tefreden wurde sil, dan wurd je op 'e nij wer lilk.
Wat hat dit foar doel, op in dei yn jannewaris yn in parsekonferinsje mei diabylden fertelle wat je yn de hjerst dwaan sille. Sterker, wat foar idee is it eins om sa’n wiidweidich feest te fieren oer in stikje dyk fan om en de by de 20 kilometer, wêrby't se no ek al spul ha oer wat se mei de âlde stikjes dwaan sille. “No dizze dyk wie sa nedich, dat moat we betinke”. O ja? No goai dan net fan ’t hjerst dy dyk oates en toates wer ticht om't je der alderhande oubollige feestjes ha. Bradery..."