PvdA Fryslân makket plannen foar mear kiezers en draachflak

De Fryske PvdA presintearret sneontemoarn yn Drachten in plan om it ferlies oan kiezers en draachflak te kearen. De partij docht it op dit stuit min yn de peilingen. By de lêste Europeeske ferkiezingen en steateferkiezingen bleaune in soad PvdA-kiezers thús.
Fan oktober oant en mei desimber ferline jier hawwe 50 partijleden yn fiif groepen plannen makke foar de takomst. Sa hat in groep ûnder lieding fan Twadde Keamerlid Lutz Jacobi neitocht oer hoe't de PvdA him yn de doarpen en wiken sjen litte kin.
Ek is der in team dat plannen makke hat om de PvdA mear sichtber te meitsjen op lokaal nivo. Partijfoarsitter Hans Spekman is by de presintaasje fan de takomstplannen oanwêzich. Hy sil dêrnei ek mei de Fryske partijleden yn diskusje om oer de takomst fan de partij te praten.