Steward Cambuur ferwûne troch fjoerwurkbom by sfearaksje

30 jan 2016 - 11:10

In froulike steward fan SC Cambuur is sneontemoarn ferwûne rekke troch swier fjoerwurk by de sfearaksje yn Ljouwert foar de derby tsjin SC Hearrenfean. Dat wie fan de noardtribune fan it stadion ôf op it fjild smiten. De frou woe neffens ynstruksjes de fjoerwurkbom fan it fjild ôfskoppe, doe't dy ûntplofte.

It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De sfear wie nei de hurde klap yn ien kear fuort. Der wiene sa'n 4500 supporters nei de lêste training foar de derby kaam.

It stadion rûn leech nei it ynsidint. In soad supporters wiene lilk op de persoan dy't it fjoerwurk smiten hat.

Cambuur sil der alles oan dwaan om de dieder(s) op te spoaren en ropt tsjûgen op harren te melden by de klup.

Derby-tsjinstanner SC Hearrenfean winsket yn in reaksje op Twitter it slachtoffer in protte sterkte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)