Johannes Kramer bepleitet Europeeske oanpak guozzen by SSW

© Henk Bootsma
Deputearre Johannes Kramer fynt it guozzeprobleem in Europeesk probleem en fynt dat der gau ynternasjonale ôfspraken oer makke wurde moatte. Dat sei er freed op de nijjiersgearsit fan susterpartij SSW fan de FNP yn it Noardfryske Husum. "Alle regio's en lannen moatte goeie ôfspraken meitsje oer de oanpak en harren belied en monitoring opinoar ôfstimme. Allinnich dan kin de guozze-oanpak suksesfol wurde."
Fierder neamt Kramer it spitich dat er ôfrûne wike gjin fergunning ôfjaan koe foar it meinimmen fan 'Kiebitseier'.
"As gefolch fan juridyske prosedueres en mei in berop op de Europeeske fûgelrjochtline kin troch ús gjin fergunning ferliend wurde. Mar tagelikertiid lêze ús Fryske fûgelwachters wol dat der yn Frankryk soargeleas op ús ljippen jage wurde mei, ek al jilde foar Frankryk deselde rjochtlinen." Kramer spruts by eintsjebeslút de winsk út dat ûnder Nederlânsk foarsitterskip fan de EU in basis lein wurdt foar in Europeesk lânboubelied.
Deensktalich
De FNP fan Johannes Kramer sit mei it Südschleswiges Wählerverband (SSW) diel út fan de Europeeske Frije Alliânsje (EFA). Op de nijjiersgearsit fan de SSW yn it Dútske Sleeswyk-Holstein waard Kramer troch de foar it grutste part Deensktalige partij oankundige as "minister Johannes Kramer fra provinsen Fryslan fra Nederlandene." Lês de folsleine 'Ansprache' (taspraak) fan Johannes Kramer.