Simulatorsintrum Maritime Akademy Harns lûkt soad folk

29 jan 2016 - 18:56

It spektakulêre nije simulatorsintrum fan de Maritime Akademy yn Harns is tige populêr. Op de de earste fan twa iepen dagen kamen al hûnderten belangstellenden nei de skoalle ta. Yn it nije sintrum kinne learlingen sabeare in skip bestjoere.

Maritime opliedingen lûke hieltyd mear learlingen. Sa groeide de skoalle yn Harns yn 15 jier fan 100 nei 600 learlingen. De skoalle sil dêrom fierder útwreidzje mei as úteinlik doel: in folsleine maritime kampus yn Harns.

Op de iepen dagen is in soad ynformaasje te krijen oer de VMBO- en MBO-oplieidings, oer de banen yn de binnen- en seefeart en oer it ynternaat dat oan de skoalle ferbûn is. Sneon is de Maritieme Akademy noch iepen fan 10 oan 15 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)