Ljouwerter advokaat: "Teevendeal is never ending story"

De Teevendeal liket sa njonkenlytsen in never-ending story te wurden. Dat seit de Ljouwerter advokaat Bart Canoy freed yn Weistra op wei. Neffens him is der mei de deal sels net perfoarst wat mis. Mar dat it Iepenbier Ministearje op eigen manneboet hannele hat, sûnder goede kontrôle, dat doocht net, seit Canoy.
Earder dizze wike kamen nije feiten oan it ljocht oer de ôfspraak dy't Fred Teeven as offisier fan justysje makke mei drugskrimineel Cees H.
It bontsje mei de krúsjale ynformaasje oer dy ôfspraak lei yn juny 2014 al foar it gripen. Mar de ICT'ers dy't it op it spoar wiene, moasten harren sykaksje fan hegerhân stake. It regear hat no de kommisje Oosting, dy't earder al ûndersyk nei dizze saak die, op 'e nij de opdracht jûn om dizze saak te ûndersykjen.