Twivel oer feiligenssifers

17 apr 2012 - 12:37
  • Gemeente Ljouwert

It wykpanel fan Heechterp-Skieringen is fernuvere oer de feiligenssifers fan de gemeente Ljouwert, dy't sizze dat de oerlêst fan jongerein en drugs tanimme yn de wyk. It panel fynt krekt dat it de goeie kant út giet.

Boargemaster Crone fan Ljouwert presintearre moandei de feiligenssifers fan de gemeente. Sawol Heechterp as Skieringen sit yn de sanemade 'koade oranje', dat betsjut dat de wyk ekstra oandacht krijt. As de situaasje bot minder wurdt, dan soe in 'koade read' driigje.

Mar dêr is gjin sprake fan, seit foarsitter Frudus van den Berg fan it wykpanel Heechterp-Skieringen. Hy werkent him net yn de sifers fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)