UNIS Flyers fol fertrouwen nei iishockey-bekerfinale

De iishockeyers fan It Hearrenfean gean sneon op jacht nei de 11e beker yn de kluphistoarje. Sneontejûn om acht oere treffe de UNIS Flyers de Geleen Eaters yn 'e bekerfinale yn Eindhoven. It is alwer fjirtjin jier lyn dat de beker nei It Hearrenfean gie. Doetiids waard Tilburg yn de ferlinging ferslein troch de 'golden goal' fan Hans Kroon. De ôfrûne twa jier stiene de Flyers ek yn 'e bekerfinale, mar beide kearen wie Tilburg te sterk.
De seleksje fan trainer-coach Mike Nason sil der alles oan dwaan om de Cup dizze kear mei nei hûs te nimmen.
De finale wurdt sneon live útstjoerd fia Flyers Live TV fan 20:00 oere ôf.