Boargemaster Crone lit huorrekast tichtspikerje

29 jan 2016 - 15:58

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat freed in prostiúsjebedriuw oan de Heerestrjitte yn Ljouwert sletten. It bedriuw bliuwt in moanne ticht, omdat it him net oan de regels hold. De plysje hie der in prostituee fûn, dy't gjin ferbliuwsfergunning hie.

De boargemaster hat ek noch in hûs oan de Koerierstersespel yn Ljouwert sletten, omdat der fanút dat hûs yn drugs hannele waard. De plysje hie dêr ek in nepfjoerwapen fûn. It hûs bliuwt in healjier ticht. It bart geregeld dat de gemeente huzen slút, fanwege oerlêst troch drugshannel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)