Antonius Sikehûs heft opnamestop kûveuze-ôfdieling op

29 jan 2016 - 15:30
  • Ambulânses brochten twa poppen mei it entero-firus oer it nei it UMCG

De opnamestop op de kûveuze-ôfdieling fan it Antonius Sikehûs yn Snits is opheft. De stop wie ynsteld omdat ferline wike freed it besmetlike enterofirus ûntdutsen wie by in tal lytse poppen op de ôfdieling. Dy berntsjes binne apart ferplege.

Neffens it sikehûs giet it goed mei alle bern, guon binne ek al wer thús. It enterofirus soarget foar koarts, skiterij en spuien en is foaral gefaarlik foar hiele lytse poppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)