Tal briedende skriezen bot tanaam yn Surhuzumermieden

29 jan 2016 - 14:32
  • Skries

It oantal briedende skriezen yn natuergebiet Surhuzumermieden is sûnt 2008 mei de faktor fiif tanaam. Brieden der yn 2008 fjirtjin pearkes yn it 80 hektare grutte natuergebiet, yn 2015 wiene dat der 73.

Steatsboskbehear is sûnt 2008 dwaande om it gebiet oantrekliker te meitsjen foar greidefûgels. It wetterpeil is yn guon parten ferhege, wâlskanten binne minder steil makke en beammen ferwidere. Neist de skries dogge ek oare greidefûgels, lykas de ljip en wettersnip it goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)