Fjouwer jier sel easke foar oantaasting Hearrenfeanster

29 jan 2016 - 14:18

Fjouwer jier selstraf is der easke tsjin in 37-jierrige man út Rotterdam, dy't op 15 augustus ferline jier in 75-jierrige frou fan It Hearrenfean besocht te ferkrêftsjen. De plysje wie belle troch in buorfrou fan it slachtoffer. Dy fûn de man mei de broek op de ankels yn har eigen sliepkeamer.

De man naaide út doe't dizze frou in foto makke en de plysje belle. Wylst de plysjes mei har yn petear wienen, hearden se yn de keamer dêrneist in oare frou razen.

De plysjes brutsen de doar iepen en seagen de man op de 75-jierrige frou lizzen. Hy hie har ûnderguod al stikken skuort. De plysjes hâlden de man oan. Hy wie ûnder ynfloed fan drank en drugs en hie in stellen bankpaske en fjirtjin boltsjes heroïne by him. 

De man hat in strafblêd en waard yn 2011 foar ferkrêfting feroardiele ta 30 moanne selstraf. De rjochtbank yn Grins docht op 12 febrewaris útspraak.

Trefwurden: 
selstraf oantaasting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)