Wurk Sintrale As giet troch

17 apr 2012 - 12:08

It wurk oan de Sintrale As hoecht net stillein te wurden, dat hat de rjochter fan 'e moarn útsprutsen. De Stichting It Griene Erfguod hie frege om it wurk stil te lizzen, omdat dat skealik wêze soe foar de nêsten fan in tal fûgelsoarten en flearmûzen. Dat is yn striid mei de Flora- en Faunawet.

De rjochter hat dat fersyk ôfwiisd, omdat er fynt dat de fûgels en flearmûzen net yn it gedrang komme by de oanlis fan de nije dyk.

Trefwurden: 
Sintrale As
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)