Bewenners ûntplofte flat yn Drachten ûntefreden oer Accolade

Bewenners fan de eksplodearre flat yn de Nachtegaalstrjitte yn Drachten binne net te sprekken oer Accolade. De wenningkorporaasje hat net genôch dien mei de klachten fan de bewenners, dy oankommen seagen dat it in kear misgean soe mei de fertochte. Ek binne bewenners net bliid oer hoe't Accolade yn de ôfhanneling mei harren omgiet. Neffens bewenster Froukje Duursma hawwe se rjocht op in 'oprotpreemje'.
Direkteur Rein Swart fertelt dat de bewenners gjin rjocht ha op in sosjale húskostefergoeding, mar seit wol dat de wenningkorporaasje der alles oan docht om de minsken wer in fêst wenplak te jaan. Yntusken ha 30 fan de 38 dupearden in ferfangende wenning akseptearre.