Súdwest-Fryslân krijt nachttaksy om helptsjinsten te stypjen

29 jan 2016 - 11:33
  • Taksy

Taksysintrale Van der Bles út Makkum begjint mei yngong fan 1 febrewaris yn gearwurking mei de gemeente Súdwest-Fryslân en it Antonius sikehûs yn Snits in nachttaksy yn Súdwest-Fryslân. Neffens it bedriuw is it faak in probleem om nachts in taksy te krijen. Ek ha helptsjinsten en húsdokters oanjûn dat der ferlet is oan ferfiersfoarsjenningen tusken middernacht en 7 oere moarns. 

It gebiet dêr't de taksy ride sil, leit tusken Harns, Snits, It Hearrenfean en De Lemmer. It giet om in proef foar in jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)