Nij rêdingssysteem KNRM

17 apr 2012 - 11:35

In nij kompjûtersysteem oan board fan de rêdingsboaten moat it tenei makliker meitsje in drinkeling werom te finen yn de Waadsee en de Noardsee. Ek moat de rêdingsoperaasje in stik flugger gean.

It nije systeem wurdt op dit stuit ûntwikkele troch de KNRM yn 'e mande mei de Kustwacht. Yn earste ynstânsje wurdt it ynboud yn in nagelnije rêdingsboat dy't boud wurdt foar de KNRM. As dat goed slagget sille alle boaten it systeem krije.

Trefwurden: 
KNRM
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)