Plantinga en De Vries winne Biltske ûndernimmersprizen 2015

29 jan 2016 - 10:31

Plantinga Oanhingweinen en Transportbedriuw De Vries binne de winners fan de Biltske ûndernimmersprizen 2015. Dy binne tongersdeitejûn útrikt yn it multyfunksjoneel sintrum yn Minnertsgea. Der wiene twa kategoryen, de Biltske oanmoedigingspriis en de Biltske ûndernimmerspriis. Per kategory wiene der trije nominearren. 

De oanmoedigingspriis gie nei Plantinga Oanhingweinen út Sint-Jabik en Transportbedriuw De Vries út Minnertsgea wûn de ûndernimmerspriis. Boargemaster Krol rikte de prizen út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)