Meiwurker feilichheid krijt kopstjit en klap yn Drachten

© Omrop Fryslân
In tafersjochhâlder fan de Stichting Veiligheidszorg Smallingerland is tongersdei mishannele troch in 22-jierrige ynwenner fan Fryske Peallen. De fertochte siet mei trije oaren yn in auto dy't op de Sportleane yn Drachten troch de tafersjochhâlder en syn kollega oan de kant setten waard, om't de auto oer de dyk slingere.
De man út Fryske Peallen dielde fuortendaliks in kopstjit en in klap út. De plysje hat him oanholden. Syn 20-jierrige freon út Drachten krige letter op it buro in boete, omdat er ferfelend wie en net fuort gean woe.