Nije wethâlder foar Ljouwert

17 apr 2012 - 11:16

De gemeente Ljouwert hat de kommende dagen in nije wethâlder: Wietze de Haan. Hy ferfangt Isabelle Diks dy't op har beurt de taak fan De Haan as deistich bestjoerder fan Wetterskip Fryslân oernimt. De Haan en Diks wikselje fan funksje om in better ynsjoch te krijen yn elkoars wurk. De gemeente Ljouwert en Wetterskip Fryslân wurkje hieltyd mear en better gear, ek omdat Ljouwert him op it stuit bot profilearret as wetterstêd.

Foar Wietze de Haan is it wethâlder-wêzen net nij. Earder wie er 16 jier wethâlder yn de gemeente Lemsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)