Fertochte fan eksploazje Drachtster flat bliuwt langer fêst

29 jan 2016 - 09:45

De 46-jierrige Drachtster dy't tiisdei oanhâlden waard as fertochte fan it feroarsaakjen fan de eksploazje yn it flatgebou oan de Nachtegaalstrjitte, bliuwt noch 14 dagen fêst sitten. Dat hat de rjochter bepaald. 

De fertochte wenne sels yn it kompleks en rekke by de eksploazje slim ferwûne. De man lei wiken yn it sikehûs en koe net heard wurde. Hy waard oanhâlden nei spoareûndersyk troch de plysje en ferklearringen fan tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)