Plysje fynt twa himpplantaazjes yn Ljouwerter wenning
De plysje yn Ljouwert hat tongersdei in 31-jierrige Albanees oanhâlden, dy't yn in wenning oan de Sumatrastrjitte twa himpplantaazjes hie. De stroom waard yllegaal ôftape. De plysje hat 500 himpplanten en alderhande ark yn beslach naam. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.