Keninklike ûnderskieding foar frijwilligers brânwacht T'diel

De nije brânwachtauto's waarden sneon presintearre yn Snits © Stefan Postema
De gemeente Tytsjerksteradiel hat tongersdeitejûn twa frijwillige brânwachtminsken ûnderskieden. Beiden binne beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. It giet om Jan Bosma út Gytsjerk en Dirk Brants Zijlstra út Burgum. Bosma hat 27 jier aktyf west as frijwilliger by de brânwacht, Zijlstra wie 22 jier frijwillich brânwachtman. Boargemaster Eric ter Keurs rikte de lintsjes út oan de manlju.