Mêst Hoogersmilde op skema

17 apr 2012 - 10:28

It wurk oan de stjoermêst fan Hoogersmilde leit op skema. De mêst rekke ferline simmer nei in brân slim skansearre. Der wurdt no hurd wurke om de mêst wer op te bouwen. Op dit stuit wurdt wurke oan it útrôljen fan de tui-triedden dy't de mêst stabyl hâlde moatte. Op de grûn wurde ferskillende ûnderdielen foarmontearre en der komt aanst in spesjale hyshelikopter út Switserlân om de ûnderdielen teplak te hisen.

Foar de folsleine bou-operaasje wurde 100 frachtweinladings mei materiaal oanfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)