Ynkoarten kin De Harkema ek tennisje op sportpark De Bosk

28 jan 2016 - 21:50
  • De Harkema tennist tenei op sportpark De Bosk

De tennissers op De Harkema hoopje takom jier harren ballen te slaan op in nij kompleks by sportpark De Bosk. Achtkarspelen is eigener fan de grûn fan it hjoeddeistige tenniskompleks en hat foar dy lokaasje, yn it sintrum fan it doarp, oare plannen.

TC De Harkema krijt op it nije plak trije gravelbanen en in klupgebou, lykas no. Njonken de tennisklup sitte ek de fuotbalklup en de kuorbalklup op sportpark De Bosk. Ek de Harkemaster doweferiening, dy't op it stuit noch in romte hat by de tennisklup, krijt in plakje op De Bosk.

De ferhuzing takom jier komt op in goed momint. De trije gravelbanen dy't de klup no hat binne nammentlik hast oanein. Ferfanging soe in grutte kostepost wêze foar de tennisklup mei krekt wat mear as 100 leden. Foarsitter Geke van der Molen sjocht út nei de ferhuzing: "We moasten earst wol efkes wenne oan it idee, mar no kinne we it motto fan it doarp brûke: We ha der sin oan!"

De gemeente betellet in part fan de ferhuzing nei it nije plak. Pleatslik Belang Harkema hie earder al oanjûn dat se de sporten yn it doarp safolle mooglik op ien plak ha wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)