It Skriuwersboun: "Utdagings Fryske literatuer oanpakke"

28 jan 2016 - 20:47

It giet net goed mei de Fryske literatuer. Dat seit bestjoerslid Johannes Beers fan it Skriuwersboun. Neffens him begûn in nije Fryske roman yn it ferline bygelyks noch mei in oplaach fan sa'n 1500 boeken, wylst dat no faak noch mar 500 binne. Fan in twadde printinge is net iens sprake.

"Der moat wat oan dien wurde", seit Beers. Wat dan krekt, dat wit er noch net. "It is ien grutte syktocht nei de hin mei it gouden aai, mar de grutte oplossing hawwe wy noch net."

Beers fynt yn alle gefallen wol dat de Fryske taal en literatuer in grut plak krije moat yn it projekt Kulturele Haadstêd 2018: "Dêr is echt wol winst te heljen."

Plannen

Neffens Beers hat it Skriuwersboun in soad moaie plannen foar 2016, sa as in minykonferinsje oer de Fryske literatuer en it skriuwerswykein dat dit jier wêr trochgiet.

Dat der ôfrûne wike rebûlje wie yn it Boun en de ponghâlder opstapt is, docht dêr neat oan ôf fynt Beers. "Fryske skriuwers bin lykas in soad Nederlânske skriuwers minsken mei in ego. Dat botst wol ris efkes, mar dat is op himsels net slim. We moatte dêr omhinne sjen te kommen en gewoan fêsthâlde oan de plannen dy't we hawwe."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)